
Ik ha Pier wol fjirtich jier kinnen, hy wenne mei syn frou ticht by ùs. We hiene in ‘klik’ sa `t hja hjoed-de-dei sizze.
Altyd efkes swaaie as in praatsje oer it waar en de bern. Ik sil him misse mei syn gekjeierij.
Yn ùs nije omjouwing gean gauris minsken dea, faaks troch âlderdom.
De iene seit jo mear as de oare mar eltse kear rekket it my hoewol ik somtiden de persoan hielendal net kint ha.
“Wat soe dat foar minske west ha?” freegje ik my dan ôf. “Hat se wat neilitten foar de minsken om har hinne?”
En dan ha ik it net oer it ierdske guod mar oer it wêzen fan dyjinge.
Hat hy as sy waarmte en meiminslikheid utdield, de wrâld in bytsje better makke?
Mist wurde…