Ds. Hasperskoalle hûndert jier
Mei in protte leven en gerattel komme se oanfytsen.
Dizze famkes binne underweis fan Âldeboarn nei de hùshâldskoale yn Akkrum.
It wie fuort nei de oarloch, it sil it jier njoggentjin achtenfjirtich west hawwe .
Dat gerattel kaam ùt de fytstassen dy fol treaun wiene mei koperen tsjettels en kwispeldoors.
Hja soene koperpoetsen krije, en om dat it krekt oarloch west is moasten de leerlingen it materiaal sels meinimme.
Der wie noch net in offisjele hùshâldskoalle, er waard lês jûn yn ferskate lokalen sa as it Waachgebou en de M.U.LO.
It hat myn moaiste tiid west mei in soart wille en gekjeien. Sa krigen wy A.v.e.o. les fan Master Lyklema, haad fan de Ds. Hasperskoalle.
In man dy net allinnich master wie mar ek psycholooch; hy seach wat myn sterke kant wie.
Dat allegearre gong oan myn each foarby do ik te witten kaam fan it hûndertjierrich bestean fan de Ds. Hasperskoalle.
Moaie neitinzen dy diel ùt meitsje fan myn jeugd.