“Iet lekker…”
Eet lekker!” ropt se en set it ieten op tafel, eltse middei wer.
Hiel freonlik hear, mar werom seit se it altyd yn it Hollânsk freegje ik my ôf. Oant ik it op in kear it net litte kin en freegje werom se dat sa seit.
“Doch ik dat?” seit se en sjocht my net begripend oan.
“Jo binne dochs in Friezinne.” sis ik.
“Ik bin trouwd mei in Hollânner en no praat ik twa talen trochinoar.” seit se.
“Goedenmorgen.” seit in oaren ien eltse moarn. “Goeiemoarn.” sis ik dan werom.
Hoe kin dat no? freegje ik my ôf. It binne hjir hast allegearre Friezen en werom ferbrekke se hun dan? Ha wy somstiden muoite mei ùs taal yn it deistige ferkear yn de deistige omgong meielkoar?
Ek yn de pleatselike supermerk praat it personiel Hollânsk tsjin de klant mar underling Frysk. Soene se eangstich weze on klandyzje te ferlizen?
Ik nim my foar om der op subtile wize sûnder twang as argewaasje wat oan te dwaan.
“Net oerdriuwe hear.” seit de soan; “Dat wurket oarsom as op `t hynder sitte.”
“Iet lekker!”
Ik lees graag bij jou om jouw Friese taalgebruik.
Al spreek of schrijf ik zelf geen Fries.
Vriendelijke groet,
Maar je leest het wel ,dat is knap.
Wy sizze it koarte “smaaklik”.
Kin ik, as it mar miend is.