Fergetten
Net ien neamt my mear by myn foarnamme.” seit se tryst.
Ik ha mei har te dwaan. “Fest wol.” sis ik.
“Jo binne samar fergetten.” giet se fierder; “As jo net wat spektakulêrs dien hawwe sa as in minske ùt in brânend hûs as ien ùt in wek helle ha, dan binne jo foar de ivichheid fergetten.”
Jo hawwe dochs bern? Dy sille jo wol nea ferjitte, soe it net?”
“Dat ist him just; ik sjoch hun noait.”
“It is net in klacht fan in âld minske hear.” seit se der hastich efteroan. “Mar se binne allegearre skieden en wer trouwd. Ik kin de oanhing net mear.“
“En beppesizzers, ha jo dy ek?” freegje ik; “Sjogge jo dy wol es?”
“Hja binne ek fremd foar my. Net ien is nei my ferneamd.” Ze laket skamper en lûkt in frjemd gesicht.
“Frou Dykstra!” ropt in suster; “Jo beppesizzer siket om jo!”
“Oant sjen!” rop ik noch mar ik bin alwer fergetten…