Ferkearing
Ik ha ferkearing!” ropt se, har eagen begjinne te glânzjen.
“Né, dochs.” sis ik, en fuortendaliks ha ik der spiit fan.
Op it selde stuit tink ik oan har leeftiid, in dikke njoggentich jier en al in pear jier widdo. Har freon is fjouweren njoggentich en ek allinnich. Beide binne se noch aardich by de tiid.
“Hoe ha jim elkoar moete?” freegje ik want no wol ik ek alles witte fansels.
“Yn it fytsehok.” seit se; “Us fytsen stiene tsjinelkoar oan en dy foelen om. En sa binne wy yn de kunde kaam. En no geane wy alle dagen te fytsen, sitte op terraskes en prate oer it ferline.”
“We kamen der efter dat wy ùt it selde doarp komme.” giet se fjirder. “Mar wy smite de lapen noch net gear, hear.” seit se; “Earst mar wat fytse en elkoar kennen leare.”
“Do hast gelyk,” sis ik; “mar net te lang mei wachtsje. Jo binne âld foar dat jo it witte …”
It fytsehok dy my tinken oan eartiids; hoe spannend koe dàt wêze? 😉
Ferkearing…
Prachtverhaal
Als fietsenstallingen konden praten …
Zonnige groe,
Dank je Rob, goede Pinksterdagen !