Ferdwale
Ik rin troch it nije diel fan it sikehûs. Krektlyn is de ofdieling Geriatry iepene. Jo kinne de ferve noch rûke, de buordsjes fan de toiletten moatte noch ophong wurde.
Ik bin allinnich yn it yntinse nije gebou. It is tsien ûre west, it grutste part fan it personiel is nei hûs.
Wer soe ik de haadyngong fine kinne?
Panikerich sjoch ik om my hinne. Ik sis tsjin my sels; “Rêstich bliuwe fanke, do fynst fêst wol in ùtgong.”
Ik rin fan de iene gong nei de oare, eltse doar is hermetysk sluten.
Logysk fansels it is de ofdieling fan minsken dy bysûndere soarch nedich hawwe.
Ik nim de lift -wat nûmer sil ik yndrukke?- Mar op de B, dan bin ik teminsen op de begeane grûn.
En dan ta myn grutte opluchting stiet it frommeske fan de taksje nei my te wiuwen. Mei in grutte swaai giet de doar iepen, ik slach my earmen om har hinne en jou har in dikke tút.
“Kom mar gau mei,” seit se laitsjend; “ik bring jo thùs.”
Moarn as ik wer kom, soe ik dan de keamer fan myn man fine kinne?
Ferdwale.
Grote foto’s van de oorspronkelijke voordeur op de nieuwe kamerdeur geven ouderen een thuisgevoel.
Het verdwalen lijkt mij vreselijk.
Warme groet,