Prikkels
Jo moatte hjir wei.” seit se; “Jo jouwe tefolle prikkels.”
Ik bin op bisite op de ôfdieling Geriatry fan it sikehûs.
Manlju en froulje sitte yn in rûntsje om de tafel yn de hûskeamer. Se sizze neat, op myn freondinne nei, dy besiket in petear op gang te krijen. Dan begjint se ynienen lûd telaitsjen mar troch in lichte harsensskansearing mislearret dat.
“Ik ha hjir in freon krige,” seit se; “hy komt ùt Urk. De famylje nimt gauris in ieltsje mei, en dan stjonkt de hiele ôfdieling.”
Se ferhellet, foar safier mooglik, oer de minsken om har hinne. De measten al op leeftyd. Se binne allegearre troch in ynfarkt troffen, spraak en beweging binne yn ‘e tiis.
Stadichoan wurde de minsken om my hinne aktiver, lùsterje mei en somstiden besykje se ek wat te sizzen.
“Do moast hjir faker komme,” seit Teatske; “se fleurje hielendal op en krije sels wer ynteresse foar de omjouwing.”
“Jo moatte hjir wei.” seit de suster; “jo jouwe tefolle prikkels foar dit soart minsken.”
“Ik kom gauris wer.” sis ik, en jow se in hân.
Prikkels…