Sa as in hiel soarte minsken ha ik twa beppen hân. Faaks moat ik der noch oan werom tinke.
De iene beppe, oan mem har kant, wie in skatsje… alles mocht en alles koe.
De oare beppe mocht my net lije, we leinen mekoar net. Yn har eagen koe ik neat goed dwaan, der wie noch in beppesizzer dy nei har ferneamd wie en dy wie alles.
Hoe koe dat no? frege ik my wolris ôf. Ik wie dochs ek nei har ferneamd?
Jierren letter bin ik der efter kaam; se mocht myn mem net. Se hie in oare frou foar har soan ûneare.
De leave beppe hat in belangrike rol spile yn myn jonge libben.
As wy wer es by har kamen, dan mochten wy hinne-aaien sykje en de geit melke.
It ùtsniende hartsje yn de hùskedoar gong gauris in amer wetter troch hinne.
It spultsje Mens erger je niet ha wy oan flarden spile want pake koe net oar syn ferlies. Ek fan de spylkaarten Liege en Peste wie oant lêst neat mear fan oer.
Doe wy âlder waarden joech se ùs op har eigen ienfâldige wize foarljochting en warskôge ùs foar it oare geslacht.
Wat kin in beppe wat betsjutte yn in jong minskelibben…