Kringloopwinkel

Giest mei?” freget se oan mij; “Der is in hiele grutte kringloopwinkel yn Drachten kaam.”

Se wit wol dat ik in swak ha foar dat soart winkels, foar in bytsje sinten kin jo as jo wolle jo hûs ynrjochtsje. 

Dûbelteard yn har autootsje komme wy oan, grutte tassen mei twa rollators wurde der ùt set. Net dat wy dy dingen nedich hawwe , seit se: “Dat is handich foar it guod dat wy ynslaan sille.”

Nei in protte gewring en geskuor binne wy yn it grutte gebou, en stean ferbouwerearre om ùs hinne te sjen. Minsken, minsken, wat in guod. Fan ôf de grûn oant de nok ta stiet it opsteapele.

“Earst mar in bakje kofje net?” sis ik en siich op in stoel del.

Myn freondinnen binne nearne mear te sjen, oplost tusken de protten minsken.

Neist my komt in âlder echtpear sitten, in bernewein neist hun. Ik kypje foarsichtich ûnder de kape en ferwachtsje in skattich popke te sjen.

“Hy is leech.” sis ik, in bytsje teloarsteld.

Se moatte beide laitsje; “Der dogge wy it guod yn wat wy keapje.” Ûnder de kofje fertelle se dat se elke wike hjir komme, bringe guod yn en keapje wer nije. “Wy geane net mei fekânsje mar bestede ùs jild hjir oan en hawwe ek noch in gesellige dei,”

Efkes letter stoart ik my mei de rollater foar my ùt yn ‘e mannichte minsken.

Mei in âlde riten stoel boppe op de rollator kom ik yn ‘e neimiddei ôfpeigere by de ùtgong. De froulje binne yn gjin fjilden as wegen te bekennen. 

LÊS EK:  Ofskied

Ik jou my del yn de âlde riten stoel, it echtpear fan de ófladen bernewein wiuwe enthusiast nei my…

comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>