Waarmte
Komsto moarn by ùs te ieten?” freget se;“Ik sil pankoek bakke. Myn bern fine dat ik der hiel goed yn bin.”
Ik stean te twifeljen, ik hie oare plannen, mar in stim yn my seit: Dwaan! Do wolst er dochs tusken komme?
We hawwe ynkoartens in wylddiner. “Sille wy ùs opjaan?” freget in freondinne.
Ik stean wer yn twifel. Sil ik dat no wol dwaan? “Wat bist krye wy op it board?” freegje ik, om tiid te rekken.
Se wit it net. “It sil wol in hazze as in knyn weze.” seit se. “It kin ek in bist weze dy in moai libben hân hat yn de Sweachster bosken.”
Ik lit my oerhelje want as ik né sis freegje se my net wer fansels.
Wer in oarenien seit: “Ynkoartens wurdt hjir in konsert jûn troch de fanfare fan it doarp. Sille wy der hinne?”
Sil ik dat wol dwaan? Ik stean wer es yn dubio. Gean! seit de oare stimme yn my; It kin no noch! It kadaster rint noch goed lyk en do kinst er noch op eigen man en boet komme.
“Sil ik jo opjaan foar it krystdiner?” freget it frommeske en is drokdwaande mei har laptop.
“Né,” sis ik;“Stientsje en ik bliuwe thùs. Wy sille it gesellich meitsje, der hoecht net ien bist foar te sneuveljen.”
Tige tank minsken, foar jimme omtinkens. It hat my troch in drege tiid hinne holpen!
Waarmte…
Miskien ha jo ek wol wat romte en stilte nedich om stil te stean by jo man en jo bern en de betsjutting fan advent, kryst, it âlde jier en it fernijende jier. By wat foar jo no fan wearde is. By fertriet en gemis, mar ek by it moaie yn it libben.
Dat is sa Elske, tanke wol.