Wer sille jo hinne?
Wer gean jo mei de Krystdagen hinne?” freget immen oan frou Dykstra.
Ik wiet, se hat in grut gesin hân, sa no en dan sjoch ik ien fan dy bern by har op besite. Mar it rint net stoarm, ek sy hawwe hun eigen wrâld kreëarre en der post warskynlik grif gjin minske fan hûnderd yn.
Yn It Fermidden, tidens it kofje drinken, gean de petearen faaks oer de kommende feestdagen. “Wer sille jo hinne?” wurdt gauris frege. Stadichoan wurdt it in wedstrydsje; wa giet fuort en wa net.
Ik bin nijskirrich wurden wert dizze minsken uteinlik de krystdagen troch bringe sille.
“Jo geane nei de wintersport.” sis ik tsjin myn buorfrou, se hat in readbonte trui oan mei wite hertenkoppen der op.
“Ne,” seit se; “dy trui ha ik krige fan myn beppesizzer. Hja wenje yn Kanada”. “No, wat moai.” sis ik.
“We hawwe alle dagen kontakt.” giet se fjirder; “Troch Skype. Hjir yn it doarp wennet ek in soan, mar der wiet ik minder fan ôf as de soan fan de oare kant fan de wrâld.”
Alle war wurdt dien yn dizze Mienskip om it de bewenners nei it sin temeitsjen. Oerâl is it fersierd, yn elk donker hoekje stiet in prachtige krystbeam; alles om de bewenners it waarme hùslike gefoel tejaan wat se misse.
De unwennegens sil bliuwe, litte wy mar in iepen ear hawwe foar hun ferhalen fan eartiids.
En? Wer sille jo hinne?