Alwer in draaioargel,’ seit myn buorfrou. Ik swaai nei de beide manlu dy it grutte tsjil yn beweging sette.
‘Dat dogge se foar ùs,’ sis ik.
‘Jou my mar countrymuzyk, jazz as gospel, dan komt min noch wat mear yn beweging,’ seit se.
Sjongers mei en sûnder gitaar gean oan ùs eagen foarby.
Sûnt in skofke krije wy ‘Gymnastiek van buiten af.’ In jong feint stiet yn ‘e fierte te meneuveljen en swaait mei al syn lichemsdielen, de bedoeling is dat wy dat him neidogge.
En dan krije wy noch it harsenskrabjen yn de gong, want dat moat ek underhâlden wurde fansels .
It frommeske lit ùs plaknammen riede, it wurdt net altegoed ferstien en moat gauris herhelle wurde.
Sneintemiddei krije wy saksofoanmuzyk fan ùt de tùn. ‘Ha jo in saksofoan?’ ropt er ien nei my. ‘Né,’ sis ik, jo wol?’ Se docht mei in sucht de doar ticht.
It draaioargel wurdt rè makke en giet fan it iene âldereinhûs nei it oare. Wurk genoch dizze dagen, se fleurje de boel in hiel ein op.
Corona bringt wer in protte kreativiteit en talinten nei boppen.
Noch efkes minsken, dan kinne wy wer genietsje fan alles wat libbet.