Yn blide ferwachtingen
Wannear sil it heve?’ roppe de lju om my hinne. It hiele âldereinhûs komt yn ‘e ban fan de komst fan de nije wrâldboargers.
Ik kin my net earne fertoane as hja hâlde my oan en freegje, ‘Is er al wat?’ Bewenners as personiel komme yn ‘e hûs en wolle it plak sjen wert it barre sil.
It is in spannende tiid; it coronabarren is al hielendal op de eftergrûn rekke. Der is mar ien ding wichtich; ‘Wannear komme se foar it ljocht, en hoe folle?’
Jimme sille wol sizze; ‘Wer hat sy it oer?’
It sit sa, ik hie fan `t winter as dekoraasje in einekoer op myn balkon hong. En ta myn grutte fernuvering hat in einepearke de koer yn beslach nom.
Wat wie ik bliid, net wittend wat foar offers Stientsje -de kat- en ik der foar bringe moasten. Wy hawwe ommers salang se oan it brieden is, de noed en de soarch der foar.
Ek in pear manlju hâlde de wacht en ha in stellage om it nest hinne boud sa dat it lytse guod net fan in grutte hichte ôffalle kin.
Myn buorman kipet wol gauris behoedsum yn `e koer, en hâldt my fan dei oant dei op `e hichte. ‘Se is noch oan it brieden hear!’ ropt er dan.
Soe it hearke ek sa yn spanning sitte? freegje ik my ôf.
Yn blide ferwachtingen, dat binne we.
Dat binne moaie dingen yn coronatiiden.
Dit bringt in folle moaiere spanning.
Jong leven, nieuw leven, dat maakt het oude de moeite waard.