Oardel oere

Foto troch Jose Antonio Gallego Vázquez fan Unsplash

Fan ôf hjoed de fyftjende juny meie wy wer mear as ien op besite hawwe, Dat hat hegerhân sa beskikt, de besite moat oan hiel wat foarwaarden foldwaan.

‘Jo moatte studearre hawwe om it te snappen,’ sei it wyfke. It nije permenintsje skoddet heftich hin en wer.

In oarenien seit; ‘Twa meie der op besite komme. Ik soe net witte wa, ik ha net ien mear.’

Wer in oar: ‘Ik ha de soan en dochter ùtnoege mar se hawwe mekoar yn gjin jierren sjoen, hoe dat komme sil?’ 

En sa bringe de nije rigels hiel wat unrêst yn it hûs. Hja binne der in bytsje mei oan, tink ik. Oan de oare kant, wy hawwe net ien coronapasjint hân tank sy de strenge rigels fan it bestjoer.

It hat de ynwenners mear dien dan de bûtenwrâld mar yn ‘e fierste fierte fermoede kint ha.It wie ommers in unsichtbere fijân, en dan samar opslùten te wurden… dat begrypt net ien.

Mar no mei er besite komme. ‘Wer moat ik it oardel oere oer hawwe?’ freegje se mekoar. 

Want nei safolle wike fan ofsûndering en ynsluting moat min wer leare om mei famylje om te gean. En sa komme de bewenners mei hun fragen en unwissichheden by elkoar, se sitte ommers yn it selde skouke.

‘Nije wike meie der fjouwer op besite komme,’ seit in bewenner, ‘Meitsje jimme mar klear!’ 

Rigels, rigels, rigels… 

Loading...

LÊS EK:  Hiersferheging
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>