Net te tichtby komme, hear!
Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen.
Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter.
Soms, as it my oer de hege skuon giet, gryp ik yn en besykje de oare kant fan it ferhaal te fertellen.
Neist my sit in man. It falt my op dat hy net mei docht oan it petear fan de oanwêzigen. Tsjin oer him sit in frou, sûnder wat te sizzen hawwe hja kontakt. It gelok strielt er ôf.
Op myn fraach as hy ek skruten is foar it firus, seit er yngelokkich; “It firus hat ùs just byelkoar brocht.”
“We troffen elkoar by de dokter om te testen, hja blyke posityf te wêzen. Mar net allinnich it firus, ek de fonk fan de leafde sprong oer.”
Efkes fierder op seit in oar frommes dat hja har man ferlern hat oan it firus. “Mar hy wie al âld hear.” seit se seft er efteroan.
En sa hat elkenien wat te fertellen oer corona… moaie en minder moaie erfarings komme foarby.
De leafde sil altyd trochgean. Ek as firussen tinke it wûn te hawwen…
Je moet wel hard roepen om afstand, ongeacht de leeftijd. Als er dan liefde opbloeit, wie kraait er dan nog naar een meter?