Werom- en foarùtsjen

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan.

En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal.

Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid moat dat er by.

We wurde yn groepkes ferdield, en foar eltse groep is er ien dy `t de petearen stjûre moat. En dat sil nedich weze want eltse bewenner hat it wer oars belibbe.

It is foar de direktrise net makkelik om de gearkomst yn alle rêst te lieden.

Myn buorfrou besiket er hieltyd tusken te kommen, mar se is dôf en sjocht min. In oar âld wyfke ropt mei lûde stimme; ‘Jimme prate te lang, ik wol ek wat sizze!’

Ik besykje wat posityfs te sizzen mar kom er net troch hinne.

Sa sjogge jo mar wer dat it nedich is om de lju prate te litten oer hoe sy de Corona-tiid ûnderfûn hawwe. Foarùt sjen en hoopje dat it nèt werom komt, der binne wy it meielkoar oer iens,

Elts giet wer nei syn eigen hûs want it waarme iten stiet al op tafel.

Werom- en foarùtsjen… Ek as jo benei hûnderd binne?

LÊS EK:  Loslitte
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>