
Der stiet hja yn ‘It Fermidden’ (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs.
En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten.
‘Wa is sy?, wurdt er flústere, ‘Kinst sto har?’ ‘In nije bewenner, seit er ien.
‘Ne, der is sy te jong foar. Se sil wol yn it bestjûr sitte.’ tinke se.
En dan nimt sy it wurd; der is besmetting fûn op in oare ôfdieling fan it hûs.
De minsken begjinne trochelkoar hinne te praten en dan baarne de fragen los: ‘giet ùs lèsmiddei wol troch?’ En ‘meie wy noch wol bridsje as spultsjes dwaan?’
Foar guon lju is it wat tefolle en wol der mear fan witte. In minske fan omtrint hûnderd ropt: ‘Mei ùs Geale wol komme?’
De oanwêzigen moatte it earst besinke litte. Mens erger je niet en it damjen lizze er rommelich by.
Wy, dy oan de ‘goeie’ kant fan it gebou wenje en noch net besite hân ha fan it firus, skriuwe in kaart mei in bemoedigjende tekst er op.
Binne hjirre wol geskikte teksten foar? freegje ik my ôf…
Spannende tiden, dat binne it.