Oankrûpe
We steane tegearre foar de kassa yn de supermerk, de man en ik.
Ik wit net wat it is mar somtiden dan springt er in fonk oer. Hy wie my al earder op fallen, do bleaun it by in knikje.
Ik bin hjoed wat yn in dwerse bui, dat hat min wol es, wat der de reden fan is?
It begûn al by de haadyngong. Der hâlden se my tsjin omdat myn noastergatten te sjen wiene, en dat is in útnoeging foar it firus, seine se. En sis no sels, wa wol der no ynsitte?
Efkes letter stean ik yn de supermerk. Ik hâld my netsjes oan de giele strips dy’t oeral op ‘e flier plakt binne.
Mar de man dy my al earder opfallen wie lit my foar gean. It kassafrommeske ropt; “Jullie moeten je aan de strips houden, hoor!”
“Ha jo in sintimeter by jo? Dan sil ik it efkes útmjitte.” seit er. Ik hear it wol, wy sitte yn deselde dwerse bui.
“Mar as dat net mei, mei ik jo dan wol efkes oankrûpe?” freget er gnizend efter syn mûlkapke.
“Nee,” sis ik. “der moatte jo mei wachtsje dat alle golven oer ús hinne gong binne. De tiid fan oankrûpen en ôfstân hâlde is noch net foarby!”
Ik set it mûlkapke op en gean fuort. It krûpke komt wol as it mei fan de tiid…