Puzelje
We moatte wat dwaan, tocht ik by my sels op in nacht do ik net sliepe koe.
Nei dat ik de hele famylje oan myn each foarby gean litten hie, tocht ik; ‘En de lju dan dy oan dyn gong wenje?’ Hoe kinne se my no en hoe kin ik har? Wy kinne inoar sa stadichoan fan it moarn en dei sizzen, mar der hâldt it mei op.
En sa kaam ik op in idee om in puzel út te lizzen op in tafel, midden op ‘e gong. Sadat elk dy er lâns komt it ûntbrekkende stikje derby sykje kin.
De earste puzel is al klear, de twadde komt er oan. It is in grut sukses.
Wylst de fingers troch de stikjes puzel geane wurdt er praat, oer wat min persoanlik dwaande hâldt.
Ik lear in buorfrou kinnen dy mei in fuotballer troud is. Myn buorman dy syn libben lang timmerman west hat. In oaren ien hat boartsjebouwer west en ‘hat de skipkes op it droege’, seit er grutsk.
Geande wei komme se los, en sa leare wy inoar better kinnen.
De puzel is ôf de twadde leit al klear. Se binne net oan te slepen. Anton Pieck is no oan beurt.
Wy binne tichter by inoar kaam, en dat wie de opset ommers!
Der sille mear puzels foar nedich wêze dat wy inoar goed kinne mar it begjin is er.
Puzelje!