Bubbels
Krigest ek besite mei de krystdagen?” freegje ik myn freondinne.
“Ja,” seit se, “we meie no wer fjouwer minsken op besite hawwe. Mar it wie in hiel gedoch; wa sil ik freegje? Hja binne my allegearre even dierber. En dan noch binne er by myn soan twa bern bij kaam, Bonusbern seit min hjoed de dei, Sy is ek in kear skieden en hat no in oare frou, is dat no in bonusfrou? Ik frege it mei ôf…”
Sa as hjoed krigen wy in skriuwen oer de nije rigels fan it hûs, fanwegen de corona. Se hawwe no, foar de feilichheid fan de bewenners, it gebou ferdield yn bubbels.
“Wy binne no bubbels wurden.” sizze wy tsjin inoar. It die my tinken oan de hûn út myn doarp, fan de bruorren Visser, dy hjitte Bubbels, in hiele grutte brúne hûn.
Mar goed; wy hawwe help krige fan in organisaasje dy Happynurse hjit. Hoe komme se der op. Ik doch myn beklach by myn soan; “Hjir wenje minsken fan hast in iuw âld, se begripe er neat mear fan.”
“Och mem,” seit hy, “wen der mar oan. Dit is de nije tiid,”
Ik lûk my mar wer werom yn myn eigen bubbel. Der is it it feilichst. Der ha ik gjin Happynurse foar nedich….
De nije tiid…..