It ferskil
Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is.
Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen.
It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte.
Sy en ik waarden âlder en gongen elk nei in fersoargingshûs. Sy nei in tehûs wat by har begoedige achtergrûn paste, en ik nei in hûs foar âlderein wat hja hjir in ‘Mienskip’ neamd.
In mienskip wert elkenien noed foar inoar hat. As jo mei ferlies te meitsjen krije, stean hja om jo hinne.
‘Wy hawwe it net sa mei in oar,’ seit se, ‘hjir wenje allinnich minsken dy yn goede dwaan binne.’
Né, ús mienskip… We binne d’r foar inoar. Tige bliid mei.
2.388
[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]