Grutsk mei, fansels
Ik ha op famylje besite west.
It wie gesellich, der lei it net oan. Kofje en tee mei wat lekkers er by, ek der wie neat mis mei.
En dochs ûntbruts er wat oan. It petear bleaun oan de opperflakkige kant.
Jimme kinne dat tink ik ek wol: d’r wurdt wiid wiidweidich út wreide oer de suksessen fan de bern en beppesizzers. Best is dat want jo wolle dat it neiteam it better docht dan it neigeslacht en dan meie jo der best grutsk opwêze.
Sa sit ik der nei te lústerjen en betink my; wat soene myn heit en mem hjir fan fine?
Myn heit soe sizze: ‘En binne se ek lokkich?’
Ik sit er by en freegje my ôf; ha wy in oar neat mear fan wearde te melden?
Wer is dat gefoel fan eigensinnichheid?
Tinkst noch wol ris oan my yn oarlochstiid en by it opgroeien?
Wat wiene wy it iens net? freegje ik him.
Der sitte wy tegearre op de bank, tinke oan eartiids, en binne it suksesfolle neiteam fergetten.
De woarst en de tsiis giet rûn, it petear giet troch…
[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]