Beppe
“Omie!” hear ik roppen. En noch es ropt se; “Omie!“
Ik bin yn de supermarkt. Ik sjoch om my hinne. Der stiet in lyts buorfamke nei my te swaaien. Ik wiuw wêrom en gean fierder.
Dy buorfamkes hawwe twa beppes. De iene beppe wennet yn Mildaam, Omie, en de beppe yn Âldehaske is Beppe.
“Misse jo gjin beppesizzers?” freget my ien. “Nè,” sis ik; “ik ha se noait kinnen.” “Ja mar as jo es wisten hoe moai as it wie.“ giet se fierder.
Selts hie ik eartiids ek twa beppes. Ien yn de Warren by de Tynje en ien yn Terband. De beppe yn Terband mocht my net en dat wie fan beide kanten sa. En der bin ik èk noch nei ferneame. De oare beppe fan de Warrebrêge wie in leaf minske. Alles koe en alles mocht. Wêrom bin ik dêr net nei neamd en myn suster wol?
“Sis beppe mar dei.“ seit de buorfrou. “Dag, Omie!” seit se en laket my blier oan.
“Hawwe jo èk beppesizzers?” freegje ik it âlde minske wer `t ik op besite bin. “Nee ” seit se; “moet ik my daar ook nog zorgen over maken. Tegenwoordig met die vechtscheidingen mag je ze ook niet meer zien. Ik vind het wel goed zo.”
“Jij hebt nog kinderen.” giet se fierder; “wees daar maar blij mee.”
Mar dochs, somstiden, soe ik wol Beppe Fean hjitte wolle …