Rituelen
“Jo moatte jo tiennen mear bewege.” seit de pedikuere; “Earst de lytse tean en sa nei de grutte tean ta.“
Se jout se my in hiel programma op wat ik mei myn fuotten dwaan moat. Jûns foar it nijs ha ik it drok mei my sels.
Hup, de fuotten ien foar ien de loft yn, sa heech mogelik. Dan wer sa fier as it kin ûnder de tafel rekke. Efkes fertrêdzje en dan wer op ‘e nij begjinne. It is in fêst ritueel wurden.
“Do moast dyn nekke tsjien kear hin en wer draaie en sa fier mooglik.“ seit de hûsarts tsjin my. Ik ha in stive nekke en bin op it sprekoere . “Ik sil dy in programme mei jaan dan dochst dat mar as`t in ledich momint hast.“ seit er. Mar myn ienichste lediche momint fan ‘e dei is under it achtoere nijs.
Sa stadichoan kriget hy it hin en wèr fan my. “Kinst dat net earne oars dwaan? Op it hùske as sa?” seit er iritearre .
Ferhip, ik wurd wekker en ha myn favorite soap mist…