“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan!“ rop ik.
En sa sitte wy tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne.
“Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.”
“Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje?“ sis ik. “It gong al lang net goed. We binne earder ùt elkoar west.” seit er.
En dan begjint er te fertellen wat him allegearre dwers sit. De iene nei de oare sigaret wurd opstutsen. Sa no en dan krij ik in glês wyn ta skowt. Hy moat dùdlik syn ferhaal kwyt. Dan is hy fertritlik en dan wer lilk. De emoasjes wikselje mekoar yn rap tempo ôf. Stadich oan wurd ik huverich mar doar him net te ûnderbrekken.
“Kinne jimme net es goed mei elkoar prate?“ sis ik oerstallich. Want wat moat ik der op sizze? Dat ha se fansels al lang dien.
Ferklomme en fertritlik kom ik yn de neare nacht thus. Dat is nò it tredde gefal yn ùs omkriten. Wat is er hjoed de dei dochs geande ?
“Trou bestiet alinnich by hûnen.” sei immen tsjin my. Mar dat moat ik bestride .
It memmeminske en har libbensmaat binne dizze wike fiifenfyftich jier by elkoar…