Karweikes
Wy sille in dei der op ùt. Wy, dat binne in ploechje froulje dy oan it begjin fan it fergaderseizoen in dei op stap geane.
“Wit mem wat?“seit de soan; “Dan sil ik dy dei karweikes dwaan.” Want dy binne faaks by ùs op ien hân net te tellen. En om dat de iene soan handiger is yn hânwurk is de oare it yn de technyk en dèr meitsje ik gauris gebrûk fan.
“Ik wol in oare foto op Facebook ha wer`t ik wat jonger opstean,” sis ik tsjin de soan fan de techniek; “Wy hawwe allang reekmelders lizzen, dy moatte foar dat de boel yn de fik giet nedich ophong wurde. In skilderij moat ferhongen wurde. En dan moat er sekmodder komme foar de tùn.”
En sa gean ik fierder mei opsomjen en fernuverje my der oer dat er altiid putsjes binne.
Wylts wy troch de omkriten fan Drinte ride en ùs ynformearje litte oer de skiednis fan de finzenissen fan Veenhuzen gean de karweikes thus troch.
“Wat bin ik bliid dat ik net by jimme yn wenje,” seit er; “dan koe ik eltse dei wol in baitsjebokse oanlûke.“
Tige tank, jonge. Komst mar gau ris wer. Do silst it goed by my hawwe.