Bûgd mar net brutsen
“Folhâlde, jonge.” sis ik tsjin de beam.
Ik sit foar it rùt en sjoch him wrakseljen tsjin it natûrgeweld. Koe ik him mar helpe mar tsjin san stoarm is hy net opwoeksen.
Ik ha wat mei dy beam. As lyts beamke krige fan myn suster. Hy wie oer en tefolle op it balkon. Ik ha der mei in protte leafde oppast. Yn droege tiden wetter joen en yn de winter bedutsen tsjin de froast.
It docht my tinken oan in minskelibben. Ek yn myn libben binne hurde stoarmen west, somstiden wie de “koade read”. Mar altiid wer blaasde de wyn de krùn wer omheech. Myn libbensbeam stie yn geve grûn woartele en joech nea ta oan wat foar foarm fan oermacht ek.
“Folhâlde, jonge.” sis ik en de beam bleun stean en krige krêft fan oare beamen.
Bûgd mar net brutsen …
2.883
Category:
Oer mijsels, Om it hus
Er was misschien ook wel altijd iemand die jou bij code rood beschermde tegen de vorst en water gaf bij droogte.
Hy hat er altiid west ,mar somstiden wie hy ùt it sicht.