Ferkiezings
“Ik stim net.” seit myn broer. “Wêrom net?” freegje ik.
“Ik wol net by san grutte gemeente hearre. Hja witte net iens wa `t Jan is. In asylsiker kinne hja better dan my, dy hjir hikke en tein is.”
“Do silst ek sûnder dyn stim dochs by dy nije gemeente komme.” gean ik der tsjin yn.
“En dan noch; wer soe ik op stimme moatte?” seit myn skoansuster. “Nò, wer sto altyd op stimt hast.“ sis ik.
“Der fiel ik my net mear by thus.” seit se mei in sucht; “Dy slute minsken ùt dy wat oars as oars binne.“
“Silst ek stimme?” freegje ik myn soan, benijd wat foar partij hy achter stiet; “Gemeentebelangen sèker?“
“Hoe kin mem dat no sizze?” seit er; “Fansels de Fryske Nasjonale Partij.“
En sa hifkje ik hjoed ferskate lju dy ik tsjin kom. It yntressearet my hoe minsken oer dit soart fan saken tinke. En ik dan? Wa fan de njoggen partijen sil ik yn it stimhokje read meitsje? Alle partijen ha wat foar mar ek wat tsjin.
Nèt stinne- mar stimme.