Kritikaster
Mei in ploechje froulju sille wy sinterklaasjûn hâlde. Elts moat in kadootsje mei nimme mei ien betinkst; der moat in gedicht by.
Al gau tink ik oan in grutte doaze sûkelarje, der kin nimmen wat op tsjin ha. Mar dan komt it; wat gedicht rimet op sûkelarje? Earst mar op ynternet sykje mar dat levert neat op .
Dan sels mar wat byinoar flânzje. Ik kom ta de konklûzje dat rymkjen as dichtsjen folle dreger is as stikjes skriuwe.
Nei it safolste besyksel smiet ik de brot by de offal. Troch myn stikjesskriuwerij bin ik myn eigen kritikaster wurden. It is noait goed genoch mear. Ik kring my yn alle bochten om wat grappichs en dochs mei ynhâld op papier te krijen wat ek noch rymje moat.
Wa soe sokke gekke fratsen ea betocht ha? It is en bliuwd in fremde gewoante.
(..)
De jûn is slagge en it nivo lei heech.
Sûkelarje – jarje dat kin ek;-))))!!!
sûkelade – aubade, lade, súkade, belade,( wâde =frije rymelarij;-))
Súkses!
Tige tank foar de suggesje.