It Ynterview
Foar it earst yn myn libben sil ik interviewt wurde. Foar de televyzje is dat in gewoane saak fansels. Mar it wurd wat oars as jo sels it ûnderwurp binne.
Wy hawwe yn ùs omjouwing in nije glossy wykkrante krige. En der hearre ynterviews yn fansels. En omdat wy yn in jonge buurt wenje en stadichoan de âldste bewenners wurde wolle hja ek ùs lûd hearre litte.
Al ier en betiid stean ik foar de spegel. Wat sil ik oanlûke? Der sil wol in fotograaf mei komme. “Meitsje mar net san drokte.” seit er; “It is de Ljouwerter net.“
Mar ik wol der klear foar wêze. Klokslach 10 oere giet de doarbelle . De ferslachjouwer is in meager fintsje sûnder fotograaf. It falt my wat ôf ik hie my der mear fan foarstelt. “Kom er mar yn,” sis ik; “de kofje is klear.“
Nei wat hin en wer gepraat begjint it my yn tebrânnen. “Kom sto hjir ek wei?” freegje ik om it ies tebrekken. En hy begjin te fertellen.
Hy wennet allinnich en is yn oplieding foar ferslachjouwer. Alle dagen moat hy nei Swol. Jûns en sneons rint hy stage. Hy rekket op dreef en ferhellit oer syn âlden bruorren en suster. Alle sporten gean oan ùs foarby.
Fersichtich freegje ik as it efkes stil is; “Hast ek fragen foar ùs?“ Der komt in boekje ùt de tas. “No, it measte wit ik al.” seit er.
“Wa fan jimme wie no eiglik de ynterviewer?” seit myn man. “Ach, alles moat leare.” sis ik.
Spitich dat er gjin foto nommen is.
Foar in oare kear yn de wykkrante moat der mar in fotograaf delkomme as jo jow man ynterviewe en in stikje meitse. Dan kinne jim tegearre op de foto yn de krante!
Jo leare altiid wer.