Krystfolders
Protten krystfolders wurde troch de brievebus skowd. It binne net mear fan dy flatsjes papier mar boekwurken wurden.
Je soene se yn de boekekast sette as it romans wiene, dan wiene se net te beteljen. De iene is noch moaier as de oare.
BN-ers ferhelje wiidweidich oer hun plannen mei de krystdagen. Faaks ha se it noch oer eartiids hoe it by heit en mem wie. Mar dy tiid leit fier achter hun. En as se sukses hawwe geane se nei Dubai. Sùd-Afrika is ek yntrek foaral as pylgrimreis nei it berteplak fan Mandela.
Ik bledderje yn de krystmagazins want oars kin min it net neame. Sascha de Boer, Ilse de Lange, Winston Gerschtanowitz en mear fan dy lju sille sels it krystdiner fersoargje. Ik bledderje fierder. It iene sjocht er al smaakfoller ùt as de oare.
Ynienen falt myn each op in folder fan de itensbank, hja ha fan alles nedich.
Ik lis de de folders by it âldpapier. De skoalle is er bliid mei.