Weemoed
Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht.
Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert wurd as oare jierren.
Soe dat komme fan de ekonomyske krisis? Hat de minske dan mear ferlet fan ljocht waarmte en gesellichheid ?
Sa no en dan wurd er troch it jonkfolk fjûrwurk ôfstutsen. We mije it skoalplein en de tunnel. Max hat it er net opstean, hy wol allinnich mar nei hûs. En ik eiglik ek wol mar dochs moatte wy noch efkes in rûntsje.
Al mimerjend rinne ik fierder. Wat hat dit jier ùs brocht? Yn tinzen gean ik it ôfrûne jier troch, moaie en minder moaie mominten passere de revu. Ynienen dûkt er immen foar ùs op.
“Wer wiesto? seit er; Ik waard ungerêst. It duorre sa lang.
De loft is besiedde mei stjerren. Der kin gjin krysferljochting tsjin op.