Folle Lok en Seine
Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden.
Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters .
Mar foar mysels hat it in ùtlitklep west.
Wille, fertriet, somstiden argewaasje koe ik er yn kwyt. It iten hat wol es oanbaarnd west, de waskkoer oan de kop ta fol en de breatromp leech. It gong myn oare helte wol es wat oer de hege skuon.
Mar somstiden moast it perfoast dalik barre sei in stimme djip yn my. “Dit is myn lêste!” ha ik hûnderd kear roppen; “De boarne is leech.” “Dat kin mem dochs net litte.” ropt it thùsfront.
It measte hat my deugd dien, de reaksjes fan Friezen om ùtens. In Burgumer hat al tritich jier yn Ohio wenne en fynt it nijskjirich. “It hat wat fan thùs.” seit er.
It sil in kear ophâlde, dat is fêst, mar wannear?
Folle Lok en Seine en dat is oprjocht miend.
Veel gezondheid en geluk in het nieuwe jaar. En schrijf nog maar lekker door, ik lees de verhalen maar al te graag!
Tanke wol, dat docht my goed Hendrika. Ek folle lok en leafde foar alles wat libbet yn 2014.
ja Wokke, ik kin oprjocht sizze, dat ik gjin stikje oerslein ha. Ik lés se ek mar wat graach en, se binne ek faak sa werkenber. Dus foaral trochgean, en ik hoopje dus, noch hiel lang. Ik winskje dy en dyn famylje hiele noflinke, smoute krystdagen ta.
Tankje wol foar dyn reaksje. Dat er in protte ljochte dagen op dyn paad komme mei en net te folle tsjustere. Dat winskje ik dy fan herte ta.
Wat in moaie foto is dat mei dy kò è kop en do der achter. Myn men hat eartiids by de boer tsjinne. Sy moast altyd ier yn de moarn yn de dikke mist de kij fersammelje. Se seach allinnich de koppen boppe de mist ùt. Der hie sy it noch faak oer.
In goed Krystfeest tawinske en dat der ek yn it nije jier altyd romte is yn it hert foar it moaie yn it libben, wat der ek bard.
Elske ; ik winskje dy ek in soart ljochte dagen ta der sil ek tsjustere by wêze. Mar dan wurdearje jo noch mear de ljochte dagen.
In hiele noflike twadde krystdei tawinske!
Wy helje sjinees ,ik ha noch wol in prakje fan juster. mar net ien hat er nocht oan.Ek do in geselliche twadde kryst.
Wokke, werom moat ik no ynienen oan Akke Ratsma tinke? Kinst dy noch? 🙂
Ja, as ik dy noch wit, prachtich wie de iterij by de sjinees. Wat sy beide net op koenen gong yn in pûtsje mei nei hûs.
Myn famylje seit wol es Akke tsjin my ,snapst sto nò wêrom?
Haha, ik snap it hielendal.
It kommintaar op myn arretjescake wie ek wer in opstekker: Oei, is dy ferbrând?
De panne kin wol yn it jiskefet, tink ik.
Sa’n cake hoechst moai net te bakken. Hy moat in nacht yn de koelkast. En ja, it “dus do hast him sa kocht” ha ik ek al heard. De smoor ha ik der yn.
Wokke, myn (wurk) krystdagen binne foarby flein, ite tusken de bedriuwen troch wie it mar osa gesellich;-)))!
Hoe dan ek, in goede jierwiksel en in fruchtber skriuwersjier tawinske, want ik lês dyn stikjes mei in protte nocht!
Gèdè, do ek, dat sto ek in protte ljochte dagen krije meiste en in bytsje tsjustere. Betanke foar it komplimintsje.