Yn retrête
“Komme jimme it âld jier by ùs utsitten?” freget de soan; “Wy geane nei in stilte gebied.”
“Sille jimme nei Taize? As nei it Karmelkleaster? Dat is tichter by, hear.”
“Hoe komt mem no derby? It is foar ùs hûnen.“
Se hawwe twa hûnen ùt Spanje helle en dy binne spoekbang foar sjutterij, Hja hawwe hiel wat meimakke, fermoede wy.
In freondinne hat ek twa hûnen ùt dy oarden helle. Ik moat sizze; it binne skatten. Mar hja binne skramme foar it libben. Se hawwe sa as se hjoeddedei sizze, in rechsekje mei krige. De iene is skrutend foar mânlje en de oare foar swiere gelûden. Mei in protte geduld en leafde sil it wol losrinne, al sille se skansearre bliuwe foar it libben.
Mei hoefolle minsken is it hjoeddedei net krèkt sa steld, freechje ik my ôf?
Wy sille yn retrête. Soene wy ek as werberne minsken werom komme?