Ynternetboekhâlde
Ik sil efkes ynternetboekhâlde. Ik bin benijd wat de skea is nei dizze djûre wiken. Mar as ik alle hannelingen dien ha sa as ik it went wie giet mis. De bank hat oan it feroarjen west.
“Dat is tsjin de oplichterij.” seit myn man; “Ik sis dochs altyd al dat it net betrouwd is. Kinst better nei de bank gean.“
“Nei de bank gean.” sis ik opstânnich; “Se hawwe der gjin personiel mear.”
Ik ha der lêsten in oere sitten te wachtsjen. Ik ha my net ferfeeld. Minsken boeie my, der is net ien gelyk. De iene is hastich en de oare hat alle tiid. De bank besunicht dùdlik op personiel. Ik krige begrutsjen mei it frommiske, se fleach har de fuotten ùt it gat.
Ik bin oan bar en hoech allinne mar myn pinkodekaartsje op te waardearjen want ik wie wer es it nûmer kwyt. “Sterkte, hear!” rop ik nei de wachtsjende lju.
Ik gean nei hûs en besiikje de knepen fan it ynternetboekhâlden ûnder de knibbel te krijen.
Ien ding mis ik; it kontakt mei de minsken. Ik nim my foar om wat faker ferjitliker te wurden.
Banken? Praat mij d’r net fan. Mij sjogge se der noait mear.
Ha lesten noch een stripke der oer makke. Ik moest lyts jild hawwe.
http://www.eamel.net/blog/keingeld/
Do moast grut tinke sa as dyn mem, mei groeie jonge!