Omtinken
It is moandeitemoarn. Ik bin betiid op wei nei de superwinkel.
It is drok. Hja hawwe allegearre it selde tocht, tink ik. Mei in grutte karre fol boadskippen stean ik yn in lange rij. Alle seis kassa`s binne beset dus bliuw ik mar stean. Wêrom sil ik feroarje fan plak? No ik dochs wachtsje moat kin ik foar itselde om my hinne sjen.
In âlde frou kreas yn ‘e klean wurd taktysk troch de sjef opheind. Se is oan it ynslaan sûnder te beteljen. Achter my stiet in man mei in pear ûns gehakt yn ‘e hân. “Wolle jo ek foar my?” freegje ik. Ik ha sels ek in gloeiende hekel oan folle karren. “Ja graach.“ seit er.
Efkes fierderop wurd de âlde frou oan hâlden. Wêrom wit ik net mar it begruttet my. Miskyn hat se net genôch oan har pensjoentsje. As ik bûten kom stiet de man fan it gehakt te wachtsjen. “Binne jo ek allinnich?” freget er. “Nè,” sis ik; “sjoch mar nei myn protte boadskippen.” “Ik tocht,” giet er fierder; “dat is wol in aerdich frommeske as selskip foar my.“
Ik rin nei hûs en tink oan de beide minsken.
Se misse wat en sykje beide omtinken.
Ze zouden elkaar moeten vinden.
Veel eenzaamheid. Ik vind het een mooie manier van die man om te zien of je soms beschikbaar bent.
Je vindt die eenzaamheid bij alle leeftijden en hoef je niet oud voor te zijn.