Maleur
Foar de safolste kear rint myn printer fêst. En ik moat him daliks brûke. Dan mar ùt elkoar helje. Mar it is in apparaat dat hielendal ticht klonken is.
Ik set it ding op tafel en mei mes, pinset en in breipriem gean ik oan ‘e slach.
De soan skilje mar dy hat gjin tiid en de oare alhielendal net. It sin wurd er net better op. De man mei net mear tsjin my prate en de hûn net mear blaffe. Nei oeren fan suchtsjen en stinnen krij ik it klear.
Wat bin ik grutsk op my sels. Ik kin mear as ik tink.
“Ùs televyzje docht it net!” ropt hy. De earste trije netten wol, de oaren net. Omdat hy min sjocht moat ik der wêr oer gear. Mar mei in breipriem, pinset en mes kom jo net fier fansels. Ik skilje mei UPC en lis him de hiele saak ùt.
“Moatte jo myn berte en jiertal ek hawwe?“ freegje ik onnozel. Troch underfining wit ik hoe ik mei sokke mannen omgean moat. Ik spylje it domme wyfke en strui mei kompleminten. It komt klear.
In dei fan maleur mar it hat hiel wat oplevere oan selsrespekt.