Ferwachtings
“Sille wy tegearre nei de film?” freget in freondinne; “De film De Nieuwe Wildernis spilet yn de bioskoop. En as sto lid biste fan de Anbo kinne wy der foardielich hinne.”
En sa sit ik moarns ier en betiid klear. Wy sille dernei kofje drinke is it plan.
“It kin wol es ùt ‘e hân rinne.” sis ik tsjin him; “As it let wurd stiet er wol in prakje yn de kuolkast.“
Ik bin er rè foar.
Mar al wa`t komt; gjin freondinne. Ik begjin my op te winen. It wurd letter en letter. Dan giet de telefoan; “Ik kom net hear want ik sit hjoed net yn è goeiehoed.”
“Do hast altyd te hège ferwachtings.” seit er.
De teloarstelling is grut. It bin pûrlilk en dochs wol ik reedlik bliuwe. Se kin dochs wier har goeiedei net ha? Ien ding ha ik er fan leard: net mear sokke hege ferwachtings te hawwen.
Efkes letter dele wy it prakje ùt de kuolkast. “Gesellich, hè?” seit er.
De Nieuwe Wildernis komt letter wol.