Nieuwsuur
Ik bin ferkâlden en fiel my heal. Noch mar efkes nei Nieuwsuur sjen en dan op bed.
Mar ik bliuw hingjen. In boeiende reportaazje oer selsdeading hâld my yn ‘e besnijing.
It giet oer twa froulju dy noch net sa âld fan jierren binne. De iene is eartiids ferkrêft en dat hat har fierdere libben ontwrichte. Hja is manyskdepressyf wurden. De oare frou hat har hiele libben wraksele mei har bestean en wol der ek in ein oan meitsje.
De earste frou kriget it nei lang sykjen klear dat in dokter har helpe wol. Yn it bywêzen fan de dochter kriget se de ynjeksje. De oare frou springt fertwivele fan de heechste flat ôf.
It yngripende ferhaal fan dizze beide froulje hâld my dwaande. Selsdeading hat er altiid al west. Eartiids wie dat troch fersûpen, ophingjen as foar de trein springe. It wie mar krekt wer as hja wennen.
Goed dat it hjoeddedei besprekber wurden is. Mar wisânsje moat it noait wurde fansels.
Nieuwsuur. It wie in ymposante reportaazje. Allinne nèt foar de nacht.
Ûtsjoering fan Nieuwsuur. Tige tank.
Tige yngripend. Foarol omdat der safolle mear lest fan hawwe mar net heard wurre.
En omdat de Muntflats it wol hiel erg tichtbij bringe.
Hoefolle moatte der noch springe foardat der een oplossing foar komt?
http://bit.ly/1bEp4pn
It jaget my yn de bulten, ik bin er net mei grut brocht.
Tiden hawwe tiden, us memmeminske.