Ik hoech neat
Ik bin ynkoartens jierdei. Elts jier wer wurd my frege hast ek winsken. “Nè,” sis ik altiid; “ik hoech neat.”
Guon minsken meitsje it hiele jier troch liskes wat sy graach ha wolle. Ha ik ek es besocht mar as it safier wie, wie ik it liske kwyt.
Ik ha in spesjale kast foar presintsjes. Jo witte net wat je sjogge; badskom, badsâlt en aftershave mar wat moat ik mei aftershave as frouminske en badskom as ik gjin bad ha?
Nim no hândoeken; moaie setsjes fan de selde kleur. Myn oanrjochtkastjes pûdzje ùt en kinne net mear ticht. En dan noch de blommen; prachtige boeketten sa grut dat ik se yn de âlde kofjepot fan ùs mem sette moat.
Demonstratyf set ik de stiennen baarch mei in grutte skreef yn syn rech op in opfallend plak.
Leave sibben en freonen; fan herte wolkom sûnder presintsjes mar ferjit de stiennenbaarch net.
Mar ik hoech neat. 😆
‘t Is wer een tige noflik stikje, memmeminske! ien treast; ik doch al sechstien jier net mear oan jierdeis. Dus kadootjes seze mij ek neat mear.
Mar ik kin noch wol wat hândoeken bruke; it lefst yn de selde kleur. 😉
Hiest sto net alles yn swart_wyt? As tinkst sto altyd swart_wyt, hoe wie it ek al wer?
Wat sette jo dan op de stiennen baarch wêrfoar it jild bedoelt is?
In nij fryskwurdeboek, dat komt op de baarch.
No mar hoopje dat in soad minsken del setten komme.
Se sille it goed by my hawwe, dat makket minsken faaks gol.
Jo binne in ryk minske as jo in soad echte freonen en freondinnen ha.
Ik lykje te folle op mien mem dus dat sil us mem sels it beste witte 😉
Elske, dat falt tsjin yn minne tiden. Mar as it jo foar de wyn giet dan ha jo in protte freonen.
It libben is it moaiste geskink dat ik ha krigen op myn jierdei.
Hoe slim de tiden ek binne, ik fyn dat der altyd ek romte wêze moat om fan it moaie yn it libben te genietsjen. De romten fan loften en wetter, de natuer dy’t him wer fernijd, in gesprek fan hert ta hert, de minsken om je hinne. En soms tink ik hiel hurd yn mysels: trochsette. Oer nep minsken kin ik mar min.
Mar oaren stean soms hiel oars yn it libben.
Mar ek troch it moetsjen mei lju sa as mei dy.
Kin ik jo al hast lokwinskje mei jo jierdei? Ik bin ek benijd hoe it mei de baarch ôfrûne is.