Paraglider I
“Deit, mem… ik gean foart, hear.“
Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op ‘e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op. Ik sjoch him nei, stadich rûngear ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in stuoltsje en in pear wjukken -ynfâldich sein- de loft yn. Ik kin it jimme net better ùtlizze want betûft bin ik net yn dizze matearje. Skipper fan berop en dan it siikje yn ‘e loft, hoe bestiet it…….
Jûns kry ik in sms-ke:”Ik bin yn Afrika, hear!”
Betrouwe en loslitte… Wa sei dat ek wer?
3.770
Category:
De Famylje