Nei mem ta
“Ik wol nei mem ta”, seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar.
Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid wille en gek dwaan. Mar doe sy stadich oan demint waart wie se lilk en opstinaat. Sa kaam sy yn it ferpleechhûs telânne en mei de juste behândeling en medikaminten kaam stadich de humor werom.
Der wie in romme hûskeamer mei in grutte iet tafel en stuollen. Manlju sawol froulju siten der omhinne. De iene wie oan it breidzjen en in oaren ien oan it printsjes besjen, it grutste part stoarre foar him ùt. Mar ùs mem wie op dreef: se fertelde de iene mop nei de oare. Se helle se wol wat troch elkoar mar net ien fûn it slim.
In frou rôp hieltyd om in suster, sawol yn it Ingelsk, Fransk as Spaansk. De suster fertelde my; dat sy mei har man yn de horeka sitten hiene yn ferskate lânnen. Wol demint mar de fremde talen bleunen. In âld wyfke krige nea besite, se hie wol acht bern mar ik ha nea in bern sjoen. Der wie ek in âld leraar, syn libben lang hie hy les jûn en nò wiene de âlde minsken syn leerlingen. Stilte rôp er hieltiid en sloech mei de fûst op de tafel mar net ien harke. En de bakker ùt Oerterp suteld noch alle dagen mei bôle, mar hat gjin klanten mear……. Wat binne minsken dochs boeiend…
De man by de doar wol noch hieltyd nei syn mem ta. Koe ik him mar helpe.
Neibyld: Mark Miller, Reuters
Toch wie us beppe tige gesellich doe. Folgens mij tocht sij op it lest dat se wer boeredochter wie, net? Ik mis har wol.
Toch is it tryst dat minsken fuortstoppe wurde yn dat soarte huzen nei een hiele libben fan hurd wurkjen.
In moaie foto, tige treffend.
Beppe wie boerefaam, gjin boeredochter.
Mar yn dat tehûs miende sy dat se by in goeie boer wie.
Doet me denken aan de laatste jaren van mijn oma. Zij zat ook in een verpleeghuis met demente ouderen. Mijn oma besefte vaak dat ze vergeetachtig was en vroeg dan: ‘Ik ben toch niet gek?’. Hartverscheurend. Het had beter geweest als ze zich daar niet van bewust had geweest.