500-ste!
Ik kin it net.
Earst wie der de SMS. Us mem woe graach berjochtjes ferstjûre want dat koe wolris maklik wêze. Mar doe ik har sei hoe it moast, sei se; “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.“
Net lang dernei kamen de earste SMS-kes oan rûgeljen. Se hie sels ùtfûn hoe dat moast.
Doe wie er de kompjûter; us mem woe ferhalen skriuwe ensfh.
Doe ik har sjen liet hoe dat Word wurke sei se; “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.”
Net lang dernei kamen de earste berjochtsjes binnen fia de mail, kreas opmakke yn de goeie lettergrutte en skriuwwize. Us mem hie sels ùfûn hoe dat moast.
Doe kaam har weblog.
En dus tocht ik, Soan D., in webside is miskyn wol wat foar har. It earste wat se sei : “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.“
En no lêze jo, lêzer, it 500-ste stikje. Us mem hat it measte sels ùtfûn. En ik ? Ik soarchje allinich foar de omballingen.
Wat no ‘stopje‘, us memmeminske?
500? Dit is pas it begjin!
Soan D.
Heintje Davids
Earst ien. Doe twa. Doe hûnderd. Stadich oan rûn it ùt `e hân. Tûzend kear woe ik ophâlde.
Wat earst begong as grapke wreide him ùt ta in opdracht oan mysels. Ik ha it oer dizze side. Hjoed ha ik myn 500-ste stikje berikke.
As ik foar de safolste kear ophâlde woe kaam er wer in barren op myn wei. Faaks gong it oer de lytse dingen fan alle dei. As ek it tiidsbarren fan hjoeddedei. Somstiden oer fertriet mar meastal oer fleurich barren.
En altyd gongen se oer gewoane minsken elts hat syn eigen ferhaal en belibjen.
Mar ek gongen se gauris oer bisten, natûr en oer alles wat libbet. Mar nò nim ik my foar; de 500-ste is in moai getâl om op te hâlden. Men wit it nò wol, it sêdingspunt is berikke.
Sei Heintje Davids ek net altyd dat se ophâlde soe?
Tank foar dyn geduld en stimulearjen, soan!
Op naar de 1000! Ik schuif aan voor zo’n lekker stukje taart.
Lokwinske Wokke. 😀
En no socht ik hjir it blauwe ‘F’ke om it te ‘liken’, maar dat kin ik hjir net mear fine.
Lokwinske, en `gewoan` trochgean! Soan D. hie it goed foar it snotsje watst kinst en wolst;-))))