by Wokke
Ik sit troch de soanen op Facebook. Earst tige optsjin fansels want it is wat nijs wat ik net kin. En as min wat âlder wurd binne alle nije dingen dreech.
Dus sis ik; “Der doch ik net oan mei.”
Mar de oandrang yn my is net te kearen. ‘Dat wol ik èk witte.’ is grutter dus. En no bin ik net te hâlden.
Neven en nichten binne wer yn sicht. It doarp wer`t ik berne bin begjint foar my te libjen. En sa kom ik wer thus.
Ach, wat fyn ik Facebook nijskjirrich. Ik ha myn kar al makke. Geëamel slach ik oer mar wa echt wat te melden hat gean ik op yn.
Mar no wol ik in oare profielfoto ha. “Dat heard sa.” sizze se.
Mar wélke? Ik sjoch my sa as ik bin en der is gjin portret fan.
2.752
Category:
Minsken, Oer mijsels
een spiegelbeeld misschien? 🙂