Skuontsjes
By it opromjen fan in kast kamen my in pear skuontsje te miette.
Eartiids wiene se wyt west mar troch it skowen fan it poepertsje oer de grûn wiene se feal wurden. Want rinne wie der noch nèt by fansels.
In riemke mei in knoopke moast it skoechje oan de foet hâlde. Sa waarden de earste stapkes set mei fallen en opstean.
It gong nèt samar; dan wer lilk en dan wer grutsk skarrelde hy troch de keamer. Nettsjinsteande bulten en blauwe plakken sette hy troch. It doel wie ommers te rinnen krêkt as heit en mem! Us bisten hiene do in prachtige tiid want se hiene in boaterskammeraat er by krige.
Sa sit ik te dreamen mei it gat op ‘e flier en de skuontsjes op `e skurte.
It fallen en opstean yn syn libben is bleun mar troch de skuontsjes hat hy leard om ek wer omheech te kommen.
En dat is no fyftich jier allyn.
Sèft stryk ik mei de hân oer de âlde skuontsjes en tink oan him …
Moai stikje. Ik wie best wol wat ontroerd.
Ja, sa ha je dat mei ús âldens. We sjoche werom. En wy tinke, wat ha se it goed dien, no? (Y)
oeps Wokke, dat Y wurket hjir net as tomke. En ik hie earder ek al op enter klikt om it te ferstjûren. Miskien sit ik toch te folle op Facebook…..
Ik werken de klompskuontsjes fan froeger. Soene se noch ferkocht wurde?
Hjir ek in pear lytse skuontsjes yn de kast fan ús heit syn broerke.
Nè se binne`r net mear. De lytse poppen wurde no berne mei Nike`s oan.
Mar ik soe dy skuontsjes altyd bewarje der sit fêst in skiednis oan fêst.
Fertriet, missen, oantinkens, it leit ticht by elkoar yn it hert. Sterkte tawinske.
Wat een mooi, heel lief moeder verhaal.