De Twirre
Yn dit hûs, ‘De Twirre’ (= ‘wyn om it hûs‘), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem.
Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte wol: san jas dy jo om jo hinne slaan kinne.
It hûs hat in lange histoarje. En omdat wy in soart tegearre bepraat ha kaam ik in protte dingen te witten oer it ferline.
Myn skoanheit krige it fergees by de oankeap fan de bijgebouwen. It hûs moast fan `e grûn ôf op nij opbouwd en yn âlde steat wêrom brocht wurde.
It hûs hat underdûkers herberge. NSB-buorden stiene yn de tùn. In Joodse sjoernalist ùt Den Haag hat der underdak fûn. Ùs jonges binne der opwaakse en hun avontoeren belibbe.
It hûs hat yn al dy jierren hiel wat bisten under syn dak hân. Hûnen en katten, kninen en hinnen. Ach, tefolle is er bard yn al dy jierren om op te neamen.
De dei dat it hûs ôfbrutsen is ha ik ôfskie nommen en mei de triennen foar it lêst de ruten dien.
Tank je wol, De Twirre, foar al dy jierren fan waarmte en feiligens.
Ik mis it hus noch elke dei.
Of mis ik mien jeugd der noch elke dei?
Bewarje dy yn dyn libbensrêchsek….
Een eindje verderop in de straat woonde ooit een klasgenoot (Gertrude, we noemden haar Truus) van mij.
Ik herinnerje simmermiddeis yn’e grutte tún, boartsje mei elkoar, op ‘e skommel efter de hage, tikkertsje; it wie in mooi familjehûs, tante Wokke!
Is deze Geertrude de Truus die je bedoelde?
Wokke.