Flechtigens en driuwerij
Ik skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net.
Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednis. Grutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten.
Wat is dat dochs hjoed de dei dat alles sa flechtich wurden is? En litte wy it dan es oer de driuwerichheid hawwe fan hjoeddedei.
Alles giet yn rap tempo as jo foar de kassa stean en net al te hastich binne is er argewaasje. Praat my net oer it ferkear, der is in protte driuwerichheid. Rekken hâlde mei in oar komt net sa faak mear foar.
Mar der binne ùtsûnderingen. Hjoed haw ik de proef op `e op som naam.
Wy wenje by in rotonde en moatte in drokke dyk oer. De iene kear ha ik in rollater mei, letter in stok en dernei moast de hûn mei. En alle kearen stoppe it ferkear. Mei in protte oerdreaunens betankje ik de sjaufeurs. De helpmiddels rollater en stok kinne wer oprêdden, dy binne net mear nedich.
It is foar my in goeie les wurden en it betrouwen yn minsken is wêrom.
Mar flechtigens en driuwerij, dat is de tiid en wy âldere minsken moatte mei dwaan wolle as nèt.
Oanpasse dus en net eamelje!