Omie
“Omie!” wurd er lûd roppen; “Omie! Mogen wij even met u mee lopen?”
Twa lytse famkes komme achter my oan, de iene op in rôze fyts en de oare op in rôze step. It binne twa suskes; de âldste is fyf en de oare trije jier skat ik.
Se rattelje hûnderd ùt. Oer de de skoalle en oer de kres. Max kriget hiel wat kearen in aai oer de kop.
Dan seit de âldste; “Mem zegt; wy meie net mei fremden prate. Maar Omie is niet fremd, hè?” Se prate heal Hollânsk en heal Frysk. Heit komt ùt it westen en mem ùt de Haske. Se hawwe in Omie en in Beppe. En omdat ik griis bin en wat âlder bin ik foar hun Omie.
Om de iene as oare reden sjit it gemoed my fol. Fol betrouwen stekt it lytste famke har hân yn myn hân. “Moatte jimme net werom?” sis ik foarsichtich oars wurd jim mem ungerêst.
“Nè,” seit de âldste; “wij zijn vandaag bij heit en moarn by mem. Maar ik wil bij heit blijven.“ seit de lytse; “… en Doutzen wol by mem bliuwe.” wylts knikt se nei har suske.
Heit en mem sitte yn in fechtskieding. De plysje moast er hjoed oan te pas komme.
“Mar Omie is niet fremd, hè?” Fol betrouwen sjogge se my oan.
Yn triennen kom ik thus.
Och toch, sokke lytse hartekes.