Moetings
“Ik ken dy!” ropt se en stapt fan de fyts. Max en ik ha de gong er flink yn.
“Goeie!” ropt se noch es, we moatte wol stil stean. “Ken ik jo?” freegje ik.
“Fan Facebook! Ik werken dy fan de foto!” Dan yn iens giet er by my in ljocht op. We hawwe jierren allyn by de selfde swimklub west en moasten foar ùs sûnens ûnder begelieding fan in terapeut swemme.
Sy foar har gewicht en ik foar myn heup. Doe ik har learde kennen wie se oan de swiere kant. As se yn it swimbad stapte gongen wy allegearre kopke ûnder. Yn dy tiid learde se in nije leafde kennen en foel yn in koart skofke tiid kilo’s ôf. Se woe wer in kreas oantreklik frommiske wurde, sei se.
Wy libben allegearre mei. Eltse kear fregen wy; “Hoefolle is er no ôf?” Oant se nei wiken fan ofwêzigens neist my de opleine bewegings wer makket.
“Hoe is it mei dy?” freegje ik. De trienen ferminge hun mei it sâlte wetter fan it swimbad. “It is ùt.” seit se; “Hy hat in oaren ien fûn dy wat mear fleis om è hûd hat.” en giet kopke ûnder.
“Giest noch te swemmen?” freget se en hyst
it grauwe gat op it sadel.