It roer om
We hawwe in ferpleechkundige op bisite. In skofke allyn ha ik in enquête yn folle oer sûnens. Nei oanlieding derfan wol se witte hoe wy ùs deistich libben belibje.
De iene nei de oare fraach komt oan è oarder. Oer bewegings, iten en drinken … jo kinne it sa gek net betinke as it komt oan ‘e oarder.
Ik rin mar wat mei kofje en koeke en ha allang myn nocht. Mar myn man is aerdich op dreef merk ik wol. Hy praat dank sy syn nije hoorapparaat hûndert ùt. It frommiske leit him ek wol, tink ik. “Mag ik uw bloeddruk even meten?” freget oan him. Dy is oan ‘e hege kant.
Ek myn druk wurd mjitten mar it moat oer en wer oer. “Niet te geloven.” seit se; “Nog nooit zo hoog meegemaakt!” en se mjit wer op ‘e nij. “Van nu af aan alles zoutloos en matig eten en veel bewegen.” seit se. Wy sjogge mekoar es oan
Ik moat oan ùs mem tinke. Se hie de sâltpot op tafel stean, neist de sûkerpot. En elk rêdde him dermei. Se binne beide âld wurden en nea wat stean litten.
Gjin sâlte hjerrings mear. It roer moat om.
Se komt ynkoartens wer. Hy is net mear sa ûnder yndruk fan it minske fernim ik wol …